AquaZoo sil útwreidzje

Bewenners fan Tytsjerk driigje harren favorite kuierpaad kwyt te reitsjen. It paad wurdt ûnderdiel fan dieretún Aqua Zoo. It kuierpaad rint hielendal om it terrein fan de dieretún hinne. De tún sil útwreidzje en dat kin allinnich mar oer it paad hinne.
De Tytsjerksters lizze har der net by del. Moandei tsjinne foar de rjochtbank in koartpleit oer de saak. Oer in pear wiken is de útspraak.