Ekstra DNA-eksperts

© Omrop Fryslân
Goed nijs foar de oplieding Forensic_Sciences fan de NHL en Van_Hall_Larenstein yn Ljouwert. Moandei makke minister fan justysje Hirsch_Ballin bekend dat er 500 ekstra DNA-eksperts ynsette wol foar it oplossen fan misdriuwen. Yn Ljouwert wurde op dit stuit 80 studinten oplaad as forensysk spesjalist.
Dizze studinten leare hoe´t se DNA-spoaren ûndersykje moatte, mar ek hoe´t se fingerprinten opspoare kinne.