Boat Skylge no al hast fol

11 jun 2007 - 12:18

Rederij Doeksen warskôget minsken dy't no freed nei Skylge wolle om dit net op de bonnefoai te dwaan. De measte ôffearten op dizze dei binne nammentlik al folboekt. Dit hat fansels alles te krijen mei it Oerol festival dat kommend wykein fan start giet.

It advys oan de eilângongers is om sa mooglik op tongersdei al nei it eilân ôf te reizgjen. Op dizze dei wurde der ek ekstra boaten ynsetten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)