Swier ferwûne troch skommel

11 jun 2007 - 10:55

Op Skylge is sneintemiddei in 47-jierrige man út Woerden ferwûne rekke. De man wie oan it skommeljen achter in wenning oan de Seeryp. Nei alle gedachten troch ferrustke skommelpoaten stoartte de skommel yn elkoar.

It slachtoffer krige hjirby de dwersbalke yn syn gesicht. De man is mei de traumhelikopter nei it sikehûs yn Amsterdam brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)