Maraton: mar 50 útstappers

11 jun 2007 - 09:07

De organisaasje is tefreden oer it ferrin fan de earste maraton fan Ljouwert. Mar fyftich fan de mear as goed 3000 hurddravers moasten útstappe fanwege de waarmte. Fan twa oere middeis ôf waarden de lêste dravers yntinsyf begelaat en folge.

Inkelden krigen it advys om út te stappen. In pear moasten even nei it sikehûs. De organisaasje is no fêst fan doel om fan de maraton fan Ljouwert in tradysje te meitsjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)