VUDU wint finale Kunstbende

De Fryske band VUDU hat sneon de earste priis wûn yn de finale fan Kunstbende yn Utrecht. Yn april wûn de band de earste priis yn de foarrondes fan Kunstbende yn de kategory muzyk.
De band hat sneintemoarn te gast west yn it programma Villa Live fan de VPRO, tegearre mei de earste priis-winners út de oare kategoryen. Moandei sil VUDU nei TMF foar opnames yn de útstjoering Reaction.