WK allround 2010 ek yn Thialf

10 jun 2007 - 16:56

De KNSB mei yn 2010 opnij it WK allround reedriden foar manlju en froulju organisearje. Dat hat de Internationale Schaatsunie, ISU, besletten. Earder dit jier waard it WK allround ek al yn Thialf ferriden.

Mei it binnenheljen fan it WK allround yn 2010 is de KNSB de kommende trije jier fersekere fan in grut ynternasjonaal langebaan kampioenskip. Dit jier wurdt yn Thialf it WK sprint ferriden en yn 2009 it EK allround.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)