Auto oer de kop by Grou

10 jun 2007 - 15:21

By de ôfslach Snitserdyk op de A32 tusken Grou en Wurdum, is sneintemiddei in auto oer de kop slein. Dêrby binne twa persoanen, in mem en in soan (4), ferwûne rekke.

De minsken wiene noch oansprekber, sa sei in dokter dy 't der tafallich efter ried en earste help ferliende. It ferkear hat lange tiid hinder hân fan it ûngelok.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)