Eksploazje op rekreaasjejacht

10 jun 2007 - 15:18

By in eksploazje oan board fan in lyts rekreaasjejacht by De Westerein binne sneintemiddei fjouwer minsken ferwûne rekke. De ûntploffing wie om likernôch 13.15 oere ta hichte fan de Lange Reed.

Der is dêrnei gjin brân ûntstien, sa meldt de plysje. De ferwûnings fan de slachtoffers lykje ta te fallen. It giet benammen om snijwûnen. Der kamen in soad minsken te sjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)