Vaatstra's krije anonime brief

Marianne Vaatstra
De Telegraaf skriuwt snein dat de âlden fan Marianne Vaatstra in anonime brief krigen ha oer in bûtenlânske searjemoardner. Yn de Telegraaf wurdt de brief ek hielendal ôfdrukt. Neffens de briefskriuwer soe der yn it azc fan Kollum in gefaarlike man sitten ha.
In pear dagen nei de moard op Marianne soe er oerpleatst wêze. Troch Justysje is dat stilhâlden, om it draachflak foar de asylopfang net oan te taasten. Vaatstra nimt de brief tige serieus.