Oane Galama winner yn Winsum

09 jun 2007 - 22:21

Oane Galama fan It Heidenskip hat de earste oerwinning fan it seizoen pakt. Yn Winsum wie hy de bêste mei in sprong fan 19.05 meter. Dat wie ien sintimeter minder as syn persoanlike rekord.

By de junioaren wie der winst foar Jacob Scherjon fan Burgum. Hy pakte mei syn earste achttjin meter sprong fan 18.41 meter de oerwinning. Alwin Fonk wûn by de jongens. Janneke Noordmans wie de bêste fan de froulju.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)