José van der Veen wint Spike
Hurdrinster José van der Veen hat in prima tiid rûn op de 800 meter by de 36ste edysje fan de Gouden Spike yn Leiden. Sy rûn de 800 meter yn 2.04.56.
Troch dizze oerwinning docht José van der Veen oer twa wiken mei yn Helsinki oan de Europacup. Se komt fan Bakkefean, mar wennet no yn Amearika dêr't se studearret.