Opskuor oer spandoek EK

09 jun 2007 - 15:59

Der is kommoasje ûntstien oer in spandoek foar it EK-fuotbaljen. It doek fan seis by njoggen meter op It Hearrenfean is in inisjatyf fan fotograaf Mustafa Gumussu. De sponsors op it doek, dy't it doek betelle ha, binne net de offisjele sponsors fan it EK fuotbaljen ûnder de 21.

It doek hinget al twa wiken, mar no ha kontroleurs fan de UEFA it ôfkard. De fotograaf hat it stik tekst 'onder 21' ôfplakt, dat wie goed.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)