Schuil wurdt sande yn Zagreb
Richard Schuil fan Ljouwert is mei syn maat Reinder Nummerdor as sande einige op it toernoai fan de World Tour Beachfolleybal.
Yn Zagreb ferlearen sy sneon mei 2-1 fan Kristjan Kais en Rivo Vesik út Estlân. De setstannen wienen 16-21, 21-13 en 16-14. Schuil en Nummerdor wienen as sechsde pleatst. Se hienen tongersdei de twadde wedstrid ferlern.