Tsjûgen socht fan oanranding

09 jun 2007 - 15:11

De plysje fan Ljouwert siket tsjûgen fan in oanranding. Tongersdeitejûn yn in tunnel ûnder de Anne Vondelingwei waard in famke (18) fêstpakt en betaaste troch in jonge.

De plysje siket foaral in frou dy't har dêrnei om it slachtoffer bekroade en har thúsbrocht hat. Der binne ek noch in man en in frou dy't sjoen binne op dy jûn. Mooglik ha se ek wat sjoen. De plysje freget oft se har melde wolle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)