'Der is te min bluswetter'

09 jun 2007 - 12:57

It komt faak foar dat de brânwacht te min bluswetter hat om grutte brannen te bestriden. Dat seit brân-ekspert Suurenbroek.

Yn in rapport skriuwt er dat der hieltyd minder wetter út de liedingen komt. Hy basearret dat op ûndersyk dat yn trije regio's útfierd is: Twente, IJssel-Vecht en Fryslân. De liedingen wurde smeller makke om legionella tsjin te gean. Sa kin de brânwacht net echt blusse.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)