Nij skûtsjeboek fan Jansma

© Omrop Fryslân
Publisist Klaas Jansma komt mei in tredde boek oer it skûtsjesilen. It nijste boek giet oer de skiednis fan it skûtsje fan Hearrenfean. Jansma beskriuwt hoe't in skip fan 'leed en onvrede' kampioen wurde koe. Sintraal steane bestjoerder Alex Brinksma, kampioen Tjitte Brouwer, 'jonge Tjitte' en adviseur Klaas Boersma.
It boek ferskynt oer fjirtjin dagen mei as titel "Voor eigen risico".