Germ van der Burg wint Haren
Germ van der Burg hat freedtejûn de Ronde fan Haren wûn. De hurdfytser fan Nijlân wie de rapste fan in kopgroep fan trije man. Geurt Witterholt waard twadde, Frank Luikens tredde.
Jan Bos fan Nijhoarne waard fjirde, Sierd Steigenga fan Eksmoarre, ploechmaat fan Germ van der Burg, njoggende.