Rally mei âlde Renaults

50 Renaults 4 en 5 ride sneon yn kolonne troch Nederlân. De rally is organisearre troch AVRO-presintator, en Fries om utens, Sipke Jan Bousema. De start wie yn Grins. Om alve oere kaam de klup oan yn Ljouwert.
Fierder dogge de weintjes út de jierren tachtich ûnder oare Emmeloord en Zwolle oan en se einigje yn Amsterdam. Doel fan de rally is it opheljen fan jild foar in goed doel op Madagascar.