Van der Meulen wint yn Hallum

08 jun 2007 - 21:27

Johan van der Meulen, Auke van der Graaf en Douwe Groenendijk ha sneon de haadklasse útnoegingspartij yn Hallum wûn. Yn de finale wienen sy mei 5-1 en 6-6 folle sterker as Jochum Bouma, Tjitte Bonnema en Folkert van der Wei.

Groenendijk waard kening. Dat wie nei Dronryp de twadde keningstitel foar him op rige. Auke van der Graaf stiet nei de winst yn mei 18 punten stevich oan kop yn it punteklassemint.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)