Ten Rouwelaar nei NAC
Jelle ten Rouwelaar fan 'e Jouwer sil oan it wurk by NAC-Breda. De keeper (26)tekene freed in kontrakt foar twa jier by de club. Hy komt oer fan Austria Wien yn Eastenryk.
Ten Rouwelaar wie earder aktyf by ûnder mear PSV, FC Grins en FC Twente. By NAC moat de konkurrinsje oan mei Edwin Zoetebier en de 18-jierrige Johan Jansen.