´Rembrandt en Saskia´ werom

Sabeare-Rembrandt tekenet syn frou
´Rembrandt´ tekene freed yn Sint Anne syn frou ´Saskia_van_Uylenburg´ wer nei. De skilder René_Klarenbeek út Den Haag en syn frou binne dêrfoar spesjaal nei It Bilt ôfreizge. Klarenbeek is dwaande de techniken út ´e tiid fan Rembrandt te learen.
Freed is it presys 374 jier ferlyn dat de echte Rembrandt syn frou tekene. Hy die dat op It Bilt dêr´t Saskia weikaam. Klarenbeek en de frou wiene klaaid yn ´e styl fan doe.