Winner Schuttevaerrace bekend

The Greyhound mei skipper Schalkwijk út Slootdorp hat de Schuttevaerrace wûn. Schalkwijk kaam oan yn Hylpen op twa oeren foarsprong fan de nûmer twa, Snijdoodt út Dordrecht mei De Barkarolle.
Dêrachter lizze ticht achter elkoar de earste twa Fryske boaten, de Hurde Wyn fan Akkerman út Akkrum en de Yachtvision fan skipper Amsterdam út Snits. De oare skippen wurde freedtejûn let ferwachte.