Trochbraak yn moardsaak Ooms

08 jun 2007 - 15:10
Marinus Ooms

In Amsterdammer (23) hat bekend dat er belutsen wie by de moard op Marinus Ooms yn Haulerwyk. Dat hat de plysje befestige De man siet earder fêst yn Parys foar drugs. De plysje hie DNA-spoaren fan him fûn yn it hûs fan Ooms.

Der is ek in twadde fertochte oppakt. In Haulerwykster fan 21 jier sit ek noch fêst. De manlju beskuldigje inoar fan 'e moard op Ooms.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)