Schuttevaerskippen oan 'e grûn

© Omrop Fryslân
Jachten fan de Schuttevaerrace hawwe tongersdeitejûn oerenlang fêstsitten op it Waad. Troch de hurde noardeastewyn stie der net folle wetter. Fan de 44 dielnimmers koene 42 net fierder. De Schuttevaerrace is in wedstriid foar sylboaten fan Starum nei de eilannen Tessel, Flylân en Skylge. Op de eilannen moatte de dielnimmers rinne en fytse. Ferline jier smiet it waar ek al problemen op.