Westerhof wer nei Meksiko
Fuotbaltrainer Hans Westerhof giet wer nei Meksiko. De ynwenner fan It Hearrenfean wurdt trainer by Necaxa. Westerhof moat der foar soargje dat de klub wer meidraait yn de top fan 'e Meksikaanske kompetysje.
Earder wie hy al fjouwer jier trainer yn Meksiko wie Chivas de Guadalajara. Dêrfoar trainde Westerhof ûnder oare by Grins, Willem II, PSV en Ajax.