Oostland fraksjefoarsitter CU

© Omrop Fryslân
Albert_Oostland fan Kollum is de nije fraksjefoarsitter fan de Christenunie yn de Steaten. Oostland sit al sûnt 2001 foar de Christenunie yn Provinsjale Steaten. Ynze de Boer wurdt fise-foarsitter fan de fraksje. De Boer wie wethâlder fan Gaasterlân Sleat en sit dêr no noch yn de ried.
De Christenunie moast in nije foarsitter ha, omdat âldfoarsitter Adema deputearre wurden is út namme fan de partij.