Saak-Pondarosa sit fêst

07 jun 2007 - 17:33

De útbaters fan De Pondarosa yn Dokkum hawwe it ferbruid by de gemeente Dongeradiel. Al jierren wurdt praat oer ferhuzing fan de disko út 'e binnenstêd fan Dokkum wei. Dêrfoar hat de gemeente in carpoolplak oan 'e râne fan 'e stêd op it each.

Mar gemeente en de útbater komme der definityf net út. De gemeente praat no mei in oare gadingmakker foar de megadisko. Op it plak fan De Pondarosa stean yn de plannen al huzen yntekene.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)