Jeugd krijt samar alkohol

07 jun 2007 - 16:57

Jongeren ûnder de sechstjin jier kinne sûnder problemen oan drank komme yn Ljouwert. Dat is de konklúzje fan in ûndersyk troch fiif learlingen fan de tredde klasse VWO op it Comenius College yn Ljouwert.

De learlingen hawwe dizze wike twa dagen lang de hiele dei yn 'e stêd west om sels de proef op de som te nimmen. Se besochten oan drank te kommen sûnder drege fragen. En dat wie sa maklik as koeke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)