Fryske bern nei ESA Noardwyk

© Omrop Fryslân
Basisskoalle De_Trieme yn Sint_Jansgea mei meidwaan oan it Deltaprojekt. Dat moat bern ynteressearje foar wittenskip en technyk. De dielname is woansdei yn Noardwyk bekendmakke.
Yn 'Delta' wurkje it ministearje fan Underwiis, Kultuur en Wittenskippen gear mei de Europeeske en Amerikaanske romtefeartorganisaasjes ESA en NASA. It kommend skoaljier dogge 45 basisskoallen yn hiel Nederlân mei oan Delta.