Ferwûne by ûngelok by Dokkum

© Omrop Fryslân
By in ûngelok op de Lauwersseewei eastlik fan Dokkum is tongersdeitemoarn in 32-jierrige frou út Westergeast ferwûne rekke. Se botste mei har auto op de krusing mei de Trekwei op in auto bestjoerd troch in jonge fan 19 jier út it Drintse Zeyerveld. Dat leit by Assen. De jongeman joech gjin foarrang.
De ferwûne frou is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De auto's binne fuortsleept.