Fryske Harry Potter hast út

Jetske Bilker hat Harry Potter oerset yn it Frysk
De earste Fryske Harry_Potter komt op 23 juny út. It giet om de oersetting fan The Philosopher's Stone, yn it Nederlânsk útkommen ûnder de namme 'Steen der Wijzen'. De oare dielen sille ek yn it Frysk ferskine.
Jetske_Bilker hat it earste diel oerset. Zweinstein is yn it Frysk Swiniastate en de famylje Duffeling binne de Mûzema's wurden. It printsjen bart ûnder strange kontrôle. Der hat geregeld oerlis west mei J.K. Rowling.