Acht auto's kreake yn Aldegea

07 jun 2007 - 10:13
Foto: Omrop Fryslân

De plysje ûndersiket de ynbraken yn acht auto's yn Aldegea yn de gemeente Smellingerlân. Tiisdeitenacht waard op De Wear, de Carjenssingel, de Gariperwei en de Fabrykswei ynbrutsen yn de auto's.

Der waarden ûnder oare rydbewizen, radio's, cd's en klean meinaam. De plysje hat al in buertûndersyk dien.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)