Ynwenners Lemmer nei rjochter

06 jun 2007 - 22:37

De ynwenners fan De Lemmer sille mooglik nei de rjochter stappe om de útwreiding fan de fjoerwurkopslach op 'e Lemsterhoek tsjin te hâlden. It bedriuw mei no 40 ton fjoerwurk opslaan mar wol in fergunning ha foar 527 ton.

De provinsje wol dy fergunning wol ferliene, mar de gemeente Lemsterlân en de omwenners ha dêr grutte beswieren tsjin. De risico's binne te grut yn sa'n tichtbefolke gebiet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)