Oranje hockeydames yn Drachten

Nederlân - Argentinië yn Drachten (foto Martin de Jong)
Op it fjild fan de Drachtster hockeyferiening De Graspiepers hat it Nederlânske dames hockey-alvetal woansdeitejûn mei 4-1 wûn fan Argentinië. De teams spylje dizze moanne trije kear tsjin elkoar yn de Rabo Testseries, in freonskiplik toernoai foar de beide alvetallen.
Oranje is op fersyk fan De Graspiepers sels nei Drachten kommen. Snein spylje de beide ploegen foar de lêste kear tsjin elkoar.