Foppe syn seleksje is fit

06 jun 2007 - 15:53
Foto: Omrop Fryslân

Bûnscoach Foppe de Haan koe woansdei yn Langsweagen mei in hast folslein fit Jong Oranje traine. Allinnich ferdigener Frank van der Struijk trainde apart fanwege in blessuere oan syn búkspier.

De spilers moasten har tiisdeitejûn melde. Jong Oranje iepenet sneintejûn yn it Abe Lenstrastadion it Europeesk Kampioenskip tsjin Israël. Op it toernoai kin pleatsing foar de Olympyske Spullen fertsjinne wurde.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)