Flyers op keunststof iisflier

06 jun 2007 - 15:38

IIshockeyklub Vadeko Flyers krijt in eigen hal mei in keunststof iisflier. Dêrtroch kinne de iishockeyers ek yn de simmer traine. De hal komt op it yndustry-terrein fan it Hearrenfean, en moat oer in pear wiken klear wêze.

Der sil winterdeis gewoan yn Thialf traint wurde, mar de hal is neffens foarsitter Danny Micola in goede oanfolling. De keunststof flier sil benammen brûkt wurde foar powerplay-, penaltykill-, en goalietraining.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)