Reid yn brân by Ryptsjerk

© Omrop Fryslân
By in brân by Ryptsjerk is tisdei 200 kuub reid ferlern gien. It reid wie foar in reiddekkersbedriuw. De reidsnijer wie dwaande om wat ôffal te ferbrânen, mar dêrby sloech it fjoer oer nei de foarried.
De reidsnijer rekke sels ynsletten troch it fjoer en koe himsels mar krekt yn feilichheid bringe. Hy is wol licht ferwûne rekke oan syn earmtakke. De brânwacht hat de hiele middei wurk oan it bestriden fan it fjoer.