Nij kultuersintrum yn Drachten

It nije sintrum soe by de Lawei komme moatte
Drachten krijt in nij kultuersintrum. By skouboarch de Lawei moatte de muzykskoalle, poppoadium Iduna, museum Smellingerlân, de biblioteek en ek de kulturele opliedings fan ROC Friese Poort ûnderbrocht wurde.
It plan kostet 30 miljoen euro. Oar jier moat de neiere ynfolling klear wêze. Smellingerlân fynt dat de ynstellings mear gearwurkje moatte en hopet dat dan mear eigen produksjes fan de grûn komme.