Dominomosk werom yn Fryslân

06 jun 2007 - 12:56

De dominomosk is werom yn Fryslân. Woansdeitemoarn kaam it bist oan yn it Natuurmuseum Fryslân, dêr't it fûgeltsje it middelpunt wêze sil fan in tentoanstelling.

Op 14 novimber 2005 waard de mosk deasketten troch in jager, omdat it fûgeltsje tûzenen domino-stiennen omsmiten hie foar de jierlikse rekôrpoging. It Natuurmuseum Rotterdam hat de mosk yn eigendom.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)