Kwelders ôfgrave foar natoer

© Omrop Fryslân
De kwelders foar de Fryske- en Grinzer kust moatte mooglik ôfgroeven wurde om der mear plante- en bistesoarten yn te krijen. Stikken fan hûnderd by hûnderd meter soene ien oant oardel meter leger makke wurde moatte.
Rykswettersteat hat útsykje litten hoe foarkommen wurde kin dat de natoer yn de kwelder te iensidich wurdt. Rykswettersteat mient dat ôfgrave in oplossing is. Yn Fryslân is it Fryske Gea behearder fan it bûtendyks lân.