Mear Friezen reizgje foar wurk

© Omrop Fryslân
Friezen wurkje hieltiid mear bûten de eigen gemeente. Yn 2000 gie it om 78.000 minsken, twa jier lyn wie dat oantal omheech gien nei 90.000.
Dat docht bliken út sifers fan de provinsje.Trije op de fjouwer minsken wurket yn stêden en grutte plakken. De provinsje spilet yn op de groei fan it wen-wurkferkear oer de gemeentegrinzen hinne, troch bygelyks de oanlis fan fan de Heak om Ljouwert en de Sintrale As.