Frachtwein útbaarnd yn Dokkum

06 jun 2007 - 10:30
Foto: Omrop Fryslân

Yn Dokkum is tiisdei in frachtauto útbaarnd. De brân ûntstie troch noch ûnbekende oarsaak yn de motor fan de auto.

De brân waard ûntdutsen troch de sjauffeur, dy't in brânlucht rûkte en yn syn spegels de reek seach. De warskôge brânwacht wie gau te plak, mar koe net foarkomme dat de frachtwein folslein útbaarnde.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)