Twa ferwûnen by oanriding

06 jun 2007 - 10:12

In man (34) út Driesum en in frou (27) út Kollum binne tiisdei ferwûne rekke nei in oanriding yn Twizel. De oanriding waard feroarsake troch in automobilist út Kollum.

Dy seach te let dat de auto's foar him stilstienen en knalde dêrtroch op de auto fan de Driesumer. Dy knalde op syn beurt tsjin de auto fan de frou út Kollum. De feroarsaker fan de oanriding rekke net ferwûne. Beide slachtoffers moasten nei it sikehûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)