Meiprate oer opfolger Dales

© Omrop Fryslân
Alle Ljouwerters meie meiprate oer watfoar persoan de nije boargemaster fan Ljouwert wêze moat. Op de site fan de gemeente en yn in hûs-oan-hûs krante komt in enkête dy't oant heal juny ynstjoerd wurde kin.
Net allinnich partikulieren, mar ek út namme fan bedriuwen en ynstellings kin de fragelist ynfold wurde. De útkomsten wurde meinommen yn de profylskets foar de opfolger fan Geert Dales, dy't heal july fuort giet.