Silers antenne natoerklubs

© Omrop Fryslân
Der moat in aksjeplan komme om de kommunikaasje tusken wettersporters- en natoerorganisaasjes op see te ferbetterjen. Want wettersporters sjogge in soad op it wetter en dy waarnimmings binne goed te brûken troch sawol natoerorganisaasjes as oare ynstânsjes op 'e fêste wâl. Dat fynt de Waadferiening.
It kin dan gean om natoerwaarnimmings, mar ek om saken dy 't net yn see thús hearre, lykas oalje of ôffal.