Bylden steane Amelân yn paad

It earste byld dat Frieling makke
Amelân sit yn de mage mei it projekt fan keunstner Lothar Frieling. Hy makke ferline jier foar de keunstmoanne 23 bylden fan koppen fan in meter heech en sette dy op it strân.
De betonnen koppen binne nei de loads fan gemeentewurken brocht, mar kinne dêr ek net bliuwe. Boargemaster Albert de Hoop fynt dat de rjochtmatige eigner de bylden mar ophelje moat. In pear bylden binne al ferkocht. Wa 't ynteresse hat, kin by de VVV telânne.