NS past treintiden Noarden oan

05 jun 2007 - 22:14

De tsjinstregeling fan de treinen yn it Noarden wurdt oanpast om de oanslutings te ferbetterjen. Nei de ynfiering fan de nije lanlike tsjinstregeling yn desimber ferline jier waard der in soad klage.

Reizgers fine dat oanslutings op treinen nei oare dielen fan it lân folle mear tiid kostje, benammen yn Swolle. Om dat te ferbetterjen past de NS de tsjinstregeling mei yngong fan kommende snein oan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)