Arrestaasje kasino-oerfallen

Yn Balk wiene meardere oerfallers aktyf
In Amsterdammer (23) is moandei yn Warkum oanhâlden foar oerfallen op twa kasino's yn it súdwesten fan de provinsje. Dy wiene op 'e Lemmer en yn Balk. De oerfal yn Balk wie op 6 maart en dêrby waard in meiwurker mei in mes bedrige. Op 2 maaie waard it kasino op 'e Lemmer oerfallen en dêrby waard drige mei in fjoerwapen.
De plysje hat hússikings dien yn Snits, Diemen en Warkum. Der wurde nei ferwachting mear oanhâldings dien.