Seehûn sjoen by Aldemardum

© Omrop Fryslân
Yn 'e Iselmar is in seehûn sjoen op in sânplaat by Aldemardum. In meiwurker fan It Fryske Gea hat sein. Yn maart is der ek al in seehûn waarnommen by Warkum, earder ek by Koarnwertersân, en by Hylpen.
De seehûn by Aldemardum reagearre hiel alert. Dat is in teken dat er sûn is. It bist moat troch de slûzen yn de Ofslútdyk de Iselmar ynkommen wêze. It Fryske Gea beheart in rêstgebiet by Aldemardum.